Izaäk (aartsfaar)
Izaäk (Hebrieusk: יִצְחָק; betsjutting: hy laket) wie neffens it bibelboek Genesis de soan fan Abraham en Sara. Hy troude mei Rebekka en de heit fan Jakob en Ezau. Oer Izaäk wurdt minder in de Skrift skreaun as oer Abraham en syn soan Jakob. Hy waard pas berne doe't Abraham al 100 jier en Sara al oer de 90 wie en stoar yn'e âldens fan 180 jier. Izaäk hie in healbroer: Ismaël.
Fan de trije aartsfaars libbe Izaäk it langst. En oars as Abraham en Jakob bleau Izaäk altiten yn it lân Kanaän wenjen. Yn tsjinstelling ta syn heit Abraham en syn soan Jakob hold Izaäk altiten deselde namme.
Izaäk libbe as nomade yn de kontreien fan Beër-Sjêba, mar hy hat him ek opholden yn de omkriten fan Gearar.
De Bibel oer Izaäk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Izaäk waard as twadde soan fan Abraham berne. Earder hy Abraham al in soan ferwekt by Hagar, in byfrou. Sara, de frou fan Abraham, hie al de âldens fan 90 jier doe't trije ingelen by Abraham kamen om him te fertellen dat Sara swier reitsje soe. De profesije kaam út; Sara rekke swier en krige in soan dy't de namme Izaäk krige.
Wylst syn healbroer Ismaël al 13 jier wie doe't hy besnien waard, moast Izaäk neffens Gods gebod op de achtste dei fan syn berte, net earder en net letter, besnien wurde (Genesis 21:1-4), in gebrûk dat ek hjoeddedei noch yn it joadendom yn eare holden wurdt.[1]
It offer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ien fan de bekendste bibelferhalen is it offer fan Izaäk. God stelt Abraham op de proef en jout him de opdracht om syn soan te offerjen op de berch Moria. Abraham seale syn ezel en naam twa feinten en syn soan Izaäk mei. Ek waard it brânhout mei nommen, dat Izaäk willich mei droech. Nei't Abraham syn feinten gebean hie efter te bliuwen mei de ezel, stelde Izaäk fêst dat der wol fjoer en hout oanwêzich wie, mar gjin brânoffer. Abraham antwurde Izaäk dat God wol foar in laam soargje soe en boude dêrnei in alter, wêrop't er it brânhout lei. Izaäk liet him sûnder protest fêstbine en op de brânstapel lizze. As Abraham dan it mes pakt om syn soan te slachtsjen komt der in ingel tusken en hjit Abraham de jonge neat te dwaan. Ek de reden wêrom't Abraham sa op de proef steld waard wurd no dúdlik: ... no wit ik dastû God frezest en dyn soan, dyn iennichste soan, My net ûntholden hast (Genesis 22).
Rebekka[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nei de dea fan Sara stjoerd Abraham syn tsjinner, nei alle gedachten deselde man as Eliêzer út Genesis 15:2, nei it lân dêr't Abraham weikaam. Hy krige de opdracht om dêr in frou foar Izaäk te sykjen, om't Abraham leaver net in Kanaänityske frou foar Izaäk hie. By de stêd Haran oankommen, bidde de tsjinner by in wetterput om in teken te jaan hokker frou foar Izaäk ornearre wie. De frou dy't him en syn kamielen te drinken jaan soe, soe dan de frou wêze moatte dy't de Heare oanwiisd hie foar Izaäk. Hy wie noch niet klear mei syn gebed en dêr kaam al in frommiske de stêd út. Hja joech de man te drinken en dêrnei sei se dat se mear wetter helje soe om ek de kamielen te drinken te jaan. Har namme wie Rebekka en it die blieken dat it in pakesizzer wie fan Nachor, de broer fan Abraham. Doe't har heit Bêtuel en har broer Laban begrepen dat de saak "fan de Heare útgyng", joegen hja tastimming om Rebekka mei te nimmen en de frou te wurden fan Izaäk. Nei in lange tocht kaam de karavaan tsjin de jûn oan en Rebekka seach de doe fjirtichjierrige Izaäk al yn it fjild de karavaan yn'e mjitte kommen. Hja die neffens gebrûk in sluier foar en nei't de tsjinner Izaäk op de hichte stelde, naam Izaäk Rebekka mei de tinte fan Sara yn en naam har dêr. Rebekka waard syn frou en hy krige har leaf. Oars as Abraham en Jakob hie Izaäk mar ien frou en fierder gjin byfrouwen (Genesis 24).
Jakob en Ezau[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Krekt as Sara bleau Rebekka lang sûnder bern. It duorre noch tweintich jier doe't Rebekka lang om let dochs noch bern krige: de twilling Ezau en Jakob. Al tidens it swierwêzen tsierden de bern meiïnoar en God ûnthiet Rebekka dat de âldste de jongste tsjinje soe en dat har skurte twa naasjes fuortbringe soe. As earste waard Ezau berne, en dêrnei Jakob, dy't tidens de berte mei syn hân de hakke fan Ezau fêst hold. De beide jonkjes wienen folslein ferkillend. Ezau wie rûch yn't hier en rossich en mocht graach bûten wêze, wylst Jakob leaver binnen yn de tinte by syn mem bleau. Izaäk hold it meast fan de âldste, Rebekka it meast fan de jongste (Genesis 25).
Filistinen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Izaäk folge trou en geduldich de wei fan God. As hy yn him om gean lit om tidens in hongersneed nei it lân fan Egypte te gean, hjit God him om dat net te dwaan. Izaäk joech om sizzen en bleau yn Gearar. Foar it folgjen fan God waard hy ryklik segene en syn rispinge wie it hûndertfâldige fan wat hy ynsiedde hie op it lân. Sa waard Izaäk skatryk, mar dat brocht ek de oergeunst fan de Filistinen. Hieltiten as Izaäk in put liet grave, smieten de Filistinen de put wer ticht. Ek nei't Izaäk op oantrunen fan kening Abimêlek op in oar plak syn tinten opsloech sieten de Filistynske feehoeders him dwers troch jimmeroan wer de nij groeven wetterputten op te easkjen. Geduldich gyng Izaäk fierderop, oant der in plak kaam dêr't de Filistinen him gewurde liet. Dat plak neamde hy Rechobot (Genesis 26).
Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
As Izaäk blyn en âld is wol hy Ezau foar't hy ferstjert syn segen jaan. Hy freget Ezau om op wyld te jeien en him in goed miel klear te meitsjen. Rebekka heart dit lykwols en wol ha dat har soan Jakob de segen kriget. Hja betinkt in plan om Ezau de segen fan Izaäk te ûntfytmanjen. It plan slagget en it is Jakob dy't fan syn heit de segen, dy't foar Ezau ornearre wie, te krijen. As Ezau der efter komt dat syn broer syn heit belazere hat wurdt hy sa dûm, dat hy Jakob dea dwaan wol sadree't syn heit der net mear is. Op oanrieden fan Izaäk flechtet Jakob dan nei Laban oan't de lilkens wêr wat saksearre is (Genesis 27).
Twintich jier letter fermoedsoenen de beide bruorren harren wer (Genesis 33). Nei in ryk libben stoar Izaäk yn de âldens fan 180 jier. Hy waard troch syn beide soannen Ezau en Jakob begroeven (Genesis 35:29).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|